1984 - 1985

Spile stikIt heft yn hannen
fan A. Hamik

Data: 2, 16 en ? maart

Rezjy: Piet Olij

Spilers:
Âldfeint1 - Gerard Rinsma
Âldfeint2 - Symen Roorda
Húshâldster - Jeltje Spinder
???

Beskriuwing:
Twa âldfeinten op in pleats libje har eigen libbentsje: se fiskje wat en litte de buorkerij ferhûneloatsje. Mar se wurde tige neiriden troch harren suster, dy't it spul ervje wol foar har dochter. En om no fan dy earnige suster ôf te kommen, nimme se in húshâldster. Dy pakt de saken noch helte hurder oan, mar se kinne gewoan net wer fan har ôf. Dy húshâldster hat in man dy't libbet by de graasje fan sûpen en mâltjirgjen - se hat it kear op kear op 'e nij mei him besocht, mar doe wie 't har oer en hat se har by de twa manlju bestege. En se pakt it fûleinich en hurd oan, sûnder dat de manlju yngripe doare: se ferkeapet earst in stikje sompich lân fan ûnwearde foar in rûge 20.000 gûne - se lit geandewei it hiele spul opknappe en de buorkerij útwreidsje en dan nimt se in feint yn 't wurk, dy't ferkearing hat mei in dochter fan dy fûlekaan fan in suster fan 'e bruorren. In ferkearing dêr't dy suster poer op tsjin is. Hawar, as de proeftiid fan 'e húshâldster om is, dan wurdt se it dochs noch wer mei har man iens. Mar foardat se ôfset, lit se de twa manlju in hierkontrakt tekenje dat de jongelju op 'e pleats komme en ek noch in testamint dat se letter it spul erve. En by eintsjebeslút giet de suster dêr dochs mar yn mei. In happy end dus.

Punten KAR:
2e klasse, 1e priis mei 212 punten, prom. nei de 1e klasse