1988 - 1989
Spile stik: De
wûnderdokter
fan Jelle Zwart
Data: 26 (gen.),28, 29 januari 1989
Rezjy: Hans Zijlstra
Spilers:
Wouter Zylstra (wûnderdokter) - Tamme Alma
Dokter Miedema - Gerard Rinsma
Ybeltsje v.d. Vlught - Grietje Velzing
Harke Snel - Roelof Snip
Sytske - Etsje Douwes
Bourman Sake - Symen Roorda
Buorfrou Sijke - Sjoukje Dijkstra
Atsje Bremer - Jeltje Spinder
Beskriuwing:
Wouter Zylstra hie de jeften om in betûft snijdokter te wurden, mar de
omstannichheden sieten him net mei. Oan 'e drank, syn frou ferlern en in djip
skuldgefoel fan in troch drank mislearre operaasje fan in famke. Hy wennet no yn
in doarpke, hâldt allerhande soarten fee en skilderet. Omdat er bytiden ek noch
wolris immen helpt dy't skeel hat, wurdt er wûnderdokter neamd en komt er
tagelyk by de echte dokter dêre op in kweanamme te lizzen. Foar syn freonen, en
dy hat er by de bult, is syn hûs in stapyn. Sadwaande komme der ek allerhande
minsken oer de flier dy't it stik en syn probleem wat opkleurje moatte. Behalve
Ybeltsje, syn húsgenoate, en syn feint Harke, komme dêr Sytske, in nochal modern
klaaid buorfanke, Sake en Sijke, de âlde buorlju, Atsje Bremer, in âld
stúdzje-freondinne, dy't him nei lang sykjen dochs fûn hat en ek de echte
dokter, in brimstich man dy't sadwaande syn pasjinten ôfstjit en Wouter yn 'e
earmen jaget.
Punten KAR:
2e priis,
201 punten