1994 - 1995
Spile stik: Gefaarlike
oergong
fan Froukje Annema
Data: ?
Rezjy: Willem Veenstra
Spilers:
Afke - Grietje Velzing
Trynke - Sjoukje Dijkstra
Betty - Etsje Douwes
Tamme Alma
Roelof Snip
Jan v.d. Meer
Antsje Nicolai
Pieter Rauwerda
?
Beskriuwing:
Afke hat lêst fan alle ûngeduerigens dy't de oergong meibringe kin. Har man hat
net folle each mear foar har, mar wòl foar de sifers fan de beurs. Hy hat as
ôflieding foar har in boetyk kocht, dy't se mei nocht (en mei in learlinge)
driuwt. Boppe de boetyk wennet in âldere feint, dy't krekt wer in nije freon
oantúgd hat, mar de learlinge, Trynke, fynt dat hy har better as freondinne
hawwe kin. Om't Trynke in Westereinske is, kreaket it wol as se ôfwiisd wurdt.
Afke fynt it tanimmend stedsfandalisme dat ek by har taslacht benearjend. By
buorfrou Betty yn de croissantery wurdt ynbrutsen en gâns fernield. Dit is reden
foar Afke, oantrune troch Trynke, om de oare nachts wacht te hâlden. Trynke hat
in hiel arsenaal oan middels ta ferwar meinaam. As der dy nachts twa ynslûpers
komme, binne dy gau oermastere. It is net sok frjemd folk docht bliken, want
Afke har man hie foar it earst fan syn libben in slipperke mei in djoere
eskortdame op tou set, en de boetyk as leafdesnêst keazen... allegearre aksje
fansels, mar: ein goed al goed!
Punten KAR:
?