Op trije en fjouwer maart 2017 is it sa fier,
dan spilet “Harkjemar “ de jierlikse útfiering yn de Boemerang.
“Kabel en Tou” is de titel fan it stik en Jan Skokker is de skriuwer
Nei in pear moannen fan repetearjen is it sa fier en “Harkjemar “ is der klear foar.
It is in nijskjirrich stik mei yn de haadrol in twilling, wol te ferstean in twilling út ien aai. It ferskil is hast of net te sjen en dat jout in frjemde betizing oan it stik.
De twilling hat elkoar yn fiifentwintich jier net sjoen en sille elkoar moetsje yn it toufabryk wer’t ien fan de broers no de direkteur fan is. Ja, hoe at dat ôfrint kinne jimme meibelibje op 3 of 4 maart yn de Boemerang, oanfang 20.00 oere.
Kaarten binne yn foarferkeap by it Postwinkeltsje .
Oan’ t sjen!