Monthly Archives: februari 2011

Lyts tipke fan’e sluier…

De generale hat west…

It wie spannend… sa as altyd by in generale. De knibbels weak en seare tosken. Kâld en warm tagelyk en de tekst ferjitten. Sa fielde ik my justerjûn. Mar it gong goed, gelokkich, wy kinne foar it ljocht komme. D’r siet kritysk publyk yn’e seal mar de stimming wie goed en it kommentaar posityf.

Jûn de premjêre. Kom mar del minsken!

susters18012011

Artikel yn’e “Feanster”

Hjoed is er in artikeltsje mei foto yn’e Feanster pleatst.

Klik hjirre om it te lêzen.

It stik fan 2011 – Susters yn saken

Fansels binne wy al in hiel skoft dwaande mei de repetysjes fan dit stik. In protte wille hawwe wy en ús regisseur Fokke Plantinga hat ús alwer behoarlik under de tûme.

Wy doche tige ús bêst om er wer wat moais fan te meitsjen en hope dan ek dat jimme  komme te sjen of dat slagge is. Ynformaasje oer it stik sjoche jimme op de foarside en under it kopke “2011 – suster yn saken

Oant sjen op 19 en 26 febrewaris yn’e Klok!

1173671711_6_79tF