Harkjemar speelt op 28 en 29 februari het Friestalige stuk “Memmen by it stek”, geschreven door Wietske Velde (deel1) en Ruth Hanemaayer (deel 2).
Harkjemar spilet “Oan’e ein fan de asperzjetiid”, in stik fan Frank Houtappels en yn it Frysk oerset troch S. Wiersma.
De rezjy is yn hannen fan Ruth Hanemaayer!
Promo:
Op trije en fjouwer maart 2017 is it sa fier,
dan spilet “Harkjemar “ de jierlikse útfiering yn de Boemerang.
“Kabel en Tou” is de titel fan it stik en Jan Skokker is de skriuwer
Nei in pear moannen fan repetearjen is it sa fier en “Harkjemar “ is der klear foar.
It is in nijskjirrich stik mei yn de haadrol in twilling, wol te ferstean in twilling út ien aai. It ferskil is hast of net te sjen en dat jout in frjemde betizing oan it stik.
De twilling hat elkoar yn fiifentwintich jier net sjoen en sille elkoar moetsje yn it toufabryk wer’t ien fan de broers no de direkteur fan is. Ja, hoe at dat ôfrint kinne jimme meibelibje op 3 of 4 maart yn de Boemerang, oanfang 20.00 oere.
Kaarten binne yn foarferkeap by it Postwinkeltsje .
Oan’ t sjen!
Al jaren heeft Harkjemar een website, maar nu pas een “echte”. Een eigen domein: www.harkjemar.nl
Er wordt druk gewerkt aan de website, vooral aan het archief. Alles wat er maar bekend is vanaf 1981!
Hopelijk is alles binnenkort up-to-date!
Wy binne al in pear moannen oan it repetearjen mei in stik fan Janneke Bergsma. “Stikje koarter”, sa hjit it stik en it spilet him ôf yn in kapsalon, 17 en 24 maart wurd it stik opfiert yn’e Klok. Wy hawwe d’r in protte sin oan, jimme hooplik ek!
It wie spannend… sa as altyd by in generale. De knibbels weak en seare tosken. Kâld en warm tagelyk en de tekst ferjitten. Sa fielde ik my justerjûn. Mar it gong goed, gelokkich, wy kinne foar it ljocht komme. D’r siet kritysk publyk yn’e seal mar de stimming wie goed en it kommentaar posityf.
Jûn de premjêre. Kom mar del minsken!
Hjoed is er in artikeltsje mei foto yn’e Feanster pleatst.