Spile stik: De Magnetron
fan Bonne Stienstra
Data: 11 maart generale
Rezjy: Ria Spaanstra
Spilers:
Fokke Heeringa – Willem Veenstra
Jelle Boersma – Wobbe Oost
Tine Boersma – Tieke Schievink
Mirjam de Groot – Sjoukje Dijkstra
Gerlof de Groot – Tamme Alma
Sandra – Hanny Tromp
Nynke – Grytsje Velsing
Beskriuwing:
Fokke Heeringa, in man allinne, libbet hiel ienfâldich op’e romte, sûnder alle hjoeddeiske geriif fan masines en apparaten. Kontakt hat er allinne mei de buorlju. Bûtensteanders fine it by him yn’e hûs in grutte binde, mar Fokke is der lokkich mei. De gemeente is lykwols fan betinken dat der wat oan dien wurde moat en stjoert in maatskiplik wurkster op ûndersyk út. It frommeske wit Fokke safier te krijen dat er in wike by har yn’e húshâlding sil. Der moat him wat hygiëne en beskaving bybrocht wurde. Grutter tsjinstelling as tusken it frije, rêstige, natuerlike libben fan Fokke en it fleanen en jachtsjen yn’e húshâlding fan de maatskiplik wurkster en har man en bern is der net te betinken. De útfanhûzerij mislearret dan ek folslein.
Punten KAR:
Opfetting – 7,25
Tempo en ritme – 7,25
Mise en scène – 7
Oanklaaiing – 7,25
Kar fan it stik – 7,25
Regy – 36
Wikselwurking – 7,5
Spyljen (x4) – 26,7
Totaal – 70,2
X3 – 211
Dit jaar zijn er sponsors gezocht en gevonden om het licht en geluid te kunnen verbeteren.