1988 – 1989

Spile stik: De wûnderdokter
fan Jelle Zwart

Data: 26 (gen.),28, 29 januari 1989

Rezjy: Hans Zijlstra

Spilers:
Wouter Zylstra (wûnderdokter) – Tamme Alma
Dokter Miedema – Gerard Rinsma
Ybeltsje v.d. Vlught – Grietje Velzing
Harke Snel – Roelof Snip
Sytske – Etsje Douwes
Bourman Sake – Symen Roorda
Buorfrou Sijke – Sjoukje Dijkstra
Atsje Bremer – Jeltje Spinder

Beskriuwing:
Wouter Zylstra hie de jeften om in betûft snijdokter te wurden, mar de omstannichheden sieten him net mei. Oan ‘e drank, syn frou ferlern en in djip skuldgefoel fan in troch drank mislearre operaasje fan in famke. Hy wennet no yn in doarpke, hâldt allerhande soarten fee en skilderet. Omdat er bytiden ek noch wolris immen helpt dy’t skeel hat, wurdt er wûnderdokter neamd en komt er tagelyk by de echte dokter dêre op in kweanamme te lizzen. Foar syn freonen, en dy hat er by de bult, is syn hûs in stapyn. Sadwaande komme der ek allerhande minsken oer de flier dy’t it stik en syn probleem wat opkleurje moatte. Behalve Ybeltsje, syn húsgenoate, en syn feint Harke, komme dêr Sytske, in nochal modern klaaid buorfanke, Sake en Sijke, de âlde buorlju, Atsje Bremer, in âld stúdzje-freondinne, dy’t him nei lang sykjen dochs fûn hat en ek de echte dokter, in brimstich man dy’t sadwaande syn pasjinten ôfstjit en Wouter yn ‘e earmen jaget.

Punten KAR:
2e priis, 201 punten

foto1 knipsel1


Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *