1991 – 1992

Spile stik: Piters Prik Prikelet Probaat
fan Jim Keulemans

Data:

Rezjy: Willem Veenstra

Spilers:
Sint Idzinga, keunstskilder – Roelof Snip
Teo Piters, fabrikant frisdrank – Harm v.d. Bij
Wytske Brouwer, ferloofde fan Sint – Grietje Velzing
Minke Wiersma, sekretaresse fan Piters – Sjoukje Dijkstra
Tetsje Tiemersma, sjournaliste – Etsje Douwes
Lyske, skildersmodel – Tieke Schievink
Berber Langhout, hotelhâldster – Jeltje Spinder

Beskriuwing:
Sint is keunstskilder en fersein oan Wytske. Tusken dy beide akkedearret it net sa bot, omdat Sint neat fan syn skilderijen makket en Wytske foar harren sa gjin takomst sjocht. Op in dei kriget Sint besite fan Teo, in fabrikant yn frisdrinken, mei syn sekretaresse. Yn it petear ûntkomt Sint sûnder erch in slachsin foar de frisdrankereklame en Teo is hjir sa fan ûnderstboppest, dat er yn Sint in reklameman by útstek sjocht. Omdat Teo ek nocht oan skilderjen hat, besiket er dat ris en krekt op dat stuit, komt der in ferslachjouster yn, dy ’t dwaande is om artikels te skriuwen oer keunstskilders, dy ’t as mislearre beskôge wurde kinne. Wat Teo makket is sa gek noch net en om ’t hja Teo foar Sint oansjocht, komt der in posityf artikel oer him yn ‘e krante. It aparte is dat Sint, Teo dus, syn skilderwurk sittendewei op bêd docht. It tafal wol dan ek noch, dat Teo syn dochter Lyske graach model stean wol en by har heit telâne komt op it atelier. Fansels wurde de misferstannen, dy ’t der geandewei it stik ûntstien binne, stadichwei oplost en oan ‘e ein fersizze Teo en in bêste klant harren oanelkoar en datselde dogge Sint en Lyske. Net allinne dat Sint de kreaze dochter fan Teo sines neame mei, hy wurdt ek de kompanjon fan syn skoanheit.

Punten KAR:
2e klasse, 1e priis, 206 punten

knipsel1

1992_2 1992_3 1992_4 1992_5 1992_6 1992_7 1992_8 1992_9 1992_10


Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *