1995 – 1996

Spile stik: Bitiden is it te let
fan J. Hemmink-Kamp

Data: generale op 21 maart 1996

Rezjy: Willem Veenstra

Spilers:
Frans fan Liersta – Jan van der Meer
Sytske fan Lierstra – Blokstra, syn frou – Tieke Schievink
Ymkje fan Lierstra, dochter – Grietje Velzing
Eelke fan Lierstra, soan – Hein Harm Knol
Freark fan Lierstra, heit – Wobbe Oost
Elske fan Lierstra, mem – Etsje Douwes
Durk Blokstra, heit – Tamme Alma
Maaike Blokstra, mem – Jeltje Spinder
Bouke, freon fan Eelke – Pieter Rauwerda
Bella, relaasje fan Frans – Sjoukje Dijkstra

Beskriuwing:
It liket hast gewoanterjocht te wurden dat Frâns fan Lierstra syn frou alles foar him en de beide grutte bern weinimt. Elk tinkt allinne mar oan himsels en “mem” is it sloofke, dat alles wol goed fynt. Dit begjint mem hieltyd mear tsjin te stean, foaral as dêr noch by komt dat har man omgong hat mei in oare frou. Op in stuit is it har oer en docht se ek allinne mar wat foar harsels nedich is en lit se de oaren oanmodderje. It komt mei Frâns safier dat er mear by dy oare frou is, as op’e saak en dat hat fan gefolgen dat dy saak slim yn’t neigean rekket. Dan grypt syn heit yn en Frâns moat him, fan ûnderen op, op’e nij wier meitsje. Mem hat yntusken ek net stil sitten, sy fertelt op in stuit dat se troch it skriuwen fan boeken gâns in ynkommen hat. Noch hat it thúsfront in boerd foar de holle, sy binne yn gedachten al mei mem har jild oan it ferpartsjen. Sy binne lykwols te let, mem docht út’e doeken, dat se in hûs kocht hat dêr’t se har, mei har âldelju, nei wenjen sette sil en dat se skiede wol. De egoïsten moatte har no sels mar rêde.

1996_bytiden

1996_31 1996_32 1996_33 1996_34 1996_36 1996_40 1996_42 1996_43 1996_44 1996_45 1996_46 1996_48 1996_49 1996_51 1996_52 1996_53 1996_54 1996_55 1996_56 1996_57 1996_58 1996_59 1996_60 1996_61 1996_62


Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *