1996 – 1997

Spile stik: Gouden dagen
fan Froukje Annema

Data: 10 januari 1e útfiering

Rezjy: Willem Veenstra

Spilers:
Jan – Wobbe Oost
Thea, buorfrou – Sjoukje Dijkstra
Juffer Tiemersma, buorfrou – Jel Spinder
Hierbaas Wynsma – Pieter Rauwerda
Wibe – Henk Helmus
Johan – Hein Harm Knol
Maaike – Tieke Schievink

Beskriuwing:
Jan en Maaike, beide om ‘e 40 jier hinne, binne op ’t stuit wat opinoar útsjoen; se ornearje, se moasten it marris in moannelang (ynearsten) op prebearjen bûteninoar sjen te rêden. Sadwaande begjint it stik op it stuit dat Jan him (mei de kanarje) foar fjouwer wike nei wenjen set op in oanklaaid flatsje yn ‘e stêd. Hy stelt him wit wat foar fan de frijheid, mar hy is noch kwalik hússittende of de neiste buorlju rinne him de drompel al plat om yn ‘e kunde te kommen en him mei allerhande saken lêstich te fallen. Lokkich bellet der in freon op, dy ’t him in wykein mei ha wol te fiskjen. De hierbaas makket fan dizze gelegenheid gebrûk om Jan syn flat datselde wykein te ferhieren oan in befreone steltsje. Wat der him yn sa ’n sitewaasje ôfspilet kin men fan tinken wol ha, foaral as men wit dat Jan syn Maaike de helte fan dat steltsje útmakket en Jan om ’t strieminne waar sonder euvelmoed “thús” komt. De ein lit him wol riede: der moatte gâns ohedens sljochte wurde om alles yn ’t fatsoenlike út ‘e doeken te dwaan.

Punten KAR:
Opfetting – 6,5
Tempo en ritme – 6,5
Mise en scène – 6,5
Oanklaaiing – 8,5
Kar fan it stik – 7
Regy – 35
Wikselwurking – 7
Spyljen (x4) – 27,79
Totaal – 69,79
X3 – 209

1997_ 1997_0 1997_1 1997_3 1997_5 1997_6 1997_7 1997_8 1997_9 1997_10 1997_11 1997_12 1997_13 1997_14 1997_16 1997_17 1997_18 1997_19 1997_20 1997_21


Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *