1997 – 1998

Spile stik: Gewoan te gek
fan Ton Davids

Data: 7 maart 1998 generale

Rezjy: Willem Veenstra

Spilers:
Lisette Kuilman – Etsje Douwes
Bram Meijer – Pieter Rauwerda
Femmie ten Have – Grytsje Velsing
Isar Schut – Jan van der Meer
Ans Bruns – Sjoukje Dijkstra
Daan Bruns – Wobbe Oost
Toos Spit – Tieke Schievink
Henri van der Berghe – Hein Harm Knol

Beskriuwing:
Fjouwer eks-psychiatryske pasjinten – Lisette, Femmie, Isar en Bram – wenje tegearre in ien hûs. De sosjoterapeute Toos moat har helpe harren plakje yn ‘e ‘normale’ maatskippy wer te finen. Spitigernôch docht Toos faak te goed har bêst. Lisette wol keunstneres wurde en sit in grut part fan ‘e dei yn in kuolkast. Femmie bliuwt obsedearre troch selsmoard. Isar is in synikus mei in skerpe tonge en Bram rekket regelmjittichyn in ‘dip’, om’t syn biologyske tún de meast nuvere en ûnwerkenbere greinten opsmyt. De bewenners lykje noch net echt op ‘normale’ minsken. De wethâlder dy’t ferantwurdlik is foar de subsydzje fan Huize van Speykstraat komt dus mar in kear it spul troch it gat te sjen. It liket der op dat de jildkraan tichtdraaid wurdt en de bewenners wer werom nei de ynrjochting moatte. Toos jout dúdlike ynstruksjes hoe’t de bewenners har hâlde en drage moatte as de wethâlder komt, mar dizze bemuoisucht falt by harren ferkeard. Se beslute om sawol Toos as de wethâlder dúdlik te meitsjen dat se harsels poerbêst rêde kinne. Op eigen ‘gekke’ wize besoargje sy harren gasten in bysûndere jûn. Dêr krije se ûnferwachte help by fan harren nije buorlju. De buorman blykt in ‘talintfol’ gûchelder te wêzen en de buorfrou besiket op dizze jûn wat plestyk bakjes oan ‘e man te bringen. Wa is hjir gek? Mei lef en in bytjse bedroch regelje de eks-gekken harren saakjes.

Punten KAR:
Opfetting – 7
Tempo en ritme – 7,75
Mise en scène – 7
Oanklaaiing – 7,5
Kar fan it stik – 6,75
Regy – 36
Wikselwurking – 7
Spyljen (x4) – 26,63
Totaal – 69,63
X3 – 209

krantart-1998


Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *