Hjoed is er in artikeltsje mei foto yn’e Feanster pleatst.
Fansels binne wy al in hiel skoft dwaande mei de repetysjes fan dit stik. In protte wille hawwe wy en ús regisseur Fokke Plantinga hat ús alwer behoarlik under de tûme.
Wy doche tige ús bêst om er wer wat moais fan te meitsjen en hope dan ek dat jimme komme te sjen of dat slagge is. Ynformaasje oer it stik sjoche jimme op de foarside en under it kopke “2011 – suster yn saken”
Oant sjen op 19 en 26 febrewaris yn’e Klok!